21
do, mrt
6 Nieuwe art.
Ook adverteren op de kabelkrant, deze website of op de radio? Klik hier voor meer info.

Nieuws
KOOTSTERTILLE - Miljeuwurdfierder Wopke Veenstra fan de FNP Steatefraksje stelt skriftlike fragen oer de nije biofergister op de Westkern yn Koatstertille. Fanwege de ekstra stikstofútstjit fan de biogasynstallaasje en it frachtferkear is neffens juristen in saneamde PAS-fergunning op grûn fan de Natuerbeskermingswet nedich.


De Provinsje Fryslân is ferantwurdlik foar it nimmen fan in PAS-beslút. Veenstra freget oan it Kolleezje fan Deputearre Steaten (DS) oft der al in oanfraach leit foar de nije biofergister: ‘Der binne twifels oer de miljeu-effekten fan de nije ynstallaasje, lûd, stjonkerij, swier frachtferkear mar dus ek de ekstra stikstofdeposysje. Dêr sit fanwege de PAS in wetlike beheining op.’
 
Fierder wol de FNP witte oft in bou- en miljeufergunning (omjouwingsfergunning) wachtsje moat op in PAS-beslút. Mocht dat sa wêze dan kin der dus net boud wurde. Veenstra stiet der op oan dat de fergunningen earst folslein ynoarder wêze moatte: ‘Dizze biofergister is swier omstriden. It kin net sa wêze dat de inisjatyfnimmer of de gemeente in eachje taknypt no’t it juridyske trajekt geande is. Wy wolle witte hoe’t it Kolleezje fan DS no hannelje sil.’