21
di, mei
0 Nieuwe art.
Ook adverteren op de kabelkrant, deze website of op de radio? Klik hier voor meer info.

Nieuws
DROGEHAM - Mei in moaie groep minsken fan fraksje en bestjoer fan de FNP Achtkarspelen gie it dit kear nei Droegeham. Oan de lândyk hat Frank Roest mei syn dochter Tjitske de bistedokter praktyk “Tusken diken en feanen”. Yn de Foarljochting rűmte mei geweldich útsjoch troch de moaie glęzen foarpui, krigen de FNP ers in nijsgjirrige presintaasje troch Frank. Frank studearre yn 1985 ôf en yn 1986 kaam hy yn Droegeham yn de praktyk mei de namme “Tusken diken” . Yn 1988 wurdt in nij pân oan de lytse wei yn Droegeham iepene.


Yn 2002 wie der in fúzje mei de praktyk yn Surhústerfean, doe waard ek de hjoeddeistige namme oannaam. Yn 2015 gie Frank mei dochter Tjitske yn maatskip.

Yn 2019 hat Frank dus In karrięre fan omtrint 35 jier. It bedriuw hat 4.5 foltiid wurk bistedokters en 6 foltiid wurk para-veterinair bistedokter assistenten.
De genęskundige en previntive soarch wurde op in goede en earlike wize foar minske en bist dien. De haadlokaasje is Droegeham mar ek binne der lytsere praktiken yn De Westereen en Surhústerfean.

Doe Frank begűn wie it oandiel selsskipbisten in 5 % / 10% fan de omset, tsjintwurdich is dat 50 %. In werklik prachtich űnderkommen is der realisearre yn 2017. Enerzjyneutraal en werklik alles op it męd fan soarch foar lânbou en selsskipbisten is der te finen en te krijen. In foarljochtingsrűmte, in apoteek, in koelsel, kantoarromten, operaasjeromten, prachtige űnderkommens foar de bisten dy behannele binne mar ek in weardige eutanasy-romte.

Nije saken en űntwikkelingen dy’t harren oantsjinne hawwe, binne űnder oare: in trimsalon, in assistintesprekoere, kursussen, begelieding en űndersyk.
Achtkarspelen kin grutsk węze mei sa’n heechweardige praktyk węr je 24/7 telâne kinne.