16
wo, okt
4 Nieuwe art.
Ook adverteren op de kabelkrant, deze website of op de radio? Klik hier voor meer info.

Nieuws
SUMAR. In dei fol gesellichheid mei fergese aktiviteiten foar jong en âld.  Gean mei yn de bus of te kuierjen en harkje ûnderweis nei moaie ferhalen oer bysûndere ynwenners ôf historysk barren fan eartiids. Besjoch en beklim de moune en bak in pankoek fan farsk môl. Strún rûn op'e hobby-en ambachtsmerk op it doarpsplein, harkje nei moaie klanken fan it revukoar.

Leafhawwers fan âlde auto's en oar ridend guod kinne by de Oldtimersjo, op it terrein fan Rietdekkersbedriuw Batema, harren hier kamme yn it blinkjende chroom.
Net skrikke fan de knallen, dy komme fan it terrein fan de klaaidosjitferiening, ek dat is wolris nijskjirrich om te sjen hoe soks d'r oan ta gjit.
5 oere spilet VREEMDT de stjerren fan'e himel yn it Doarpshûs en slúte wy de dei gesellich mei syn allen ôf.
Oant sjens yn Sumar
Bron: Facebook Sumar